Dreambaan op ûnbewenne eilân

Skiermûntseach © Google Earth
Fjouwer moanne lang op in ûnbewenne eilân wenje en dêr ek noch jild mei fertsjinje. Dat kin! Steatsboskbehear is nammentlik op syk nei twa fûgelwachters dy't tusken april en july takom jier op Rottumereach wenje wolle. De wurkwike is mar 37 oeren en der is ynternet op it eilân. De nije fûgelwachters meie lykwols mar ien kear yn de twa wiken nei de fêste wâl.
Minsken dy't ynteresse hawwe foar de baan moatte yn alle gefallen in MBU diploma hawwe mei in spesjalisaasje yn Natuerbehear en Miljeu.