Nij jeugdhonk yn Sint Jabik

07 des 2012 - 21:03

De jongeren fan Sint Jabik kinne sneon wer terjochte yn harren eigen jeugdhonk. It gebou baarnde begjin dit jier foar de helte ôf en it like der efkes op dat it ferhaal dêrmei út wie. Mar mei jild fan sponsors, donateurs en aksjes fan de jongeren sels stiet der tsien moanne nei de brân wer in folslein jeugdhonk. De jongeren hawwe ûnder oare flessen ynsammele en ierdbeien ferkocht om it jild byinoar te krijen. Dit wykein wurde de earste bierkes wer dronken yn Het Groene Hok.

Trefwurden: 
Sint-Jabik jeugdhonk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)