Hearrenfean: fjouwer wizigings

07 des 2012 - 18:14

Trainer Marco Van Basten wiziget syn ploech foar kommende snein tsjin Roda JC op fjouwer plakken. Gianni Zuiverloon is blessearre en foar him yn it plak spilet Pelé van Anholt. Foar de skorste Gouweleeuw spilet Kum, wêrtroch't der in basisplak is foar Arnold Kruiswijk. Op it middenfjild is der wer plak foar Marecek. Filip Djuricic skoot troch nei de linksbûtenposysje. Van La Parra ferhuzet nei de rjochterkant mei as konsekwinsje dat Pappa op de bank plaknimt.

Opstelling Hearrenfean: Nordfeldt, Van Anholt, Zomer, Kum, Kruiswijk, Kums, Marecek, De Roon, Van la Parra, Finnbogason en Djuricic.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)