Klacht Vlug tsjin advokaten

07 des 2012 - 17:49

Advokaat Jan Vlug fan fertochte Jasper S. hat by de deken fan de Amsterdamske oarder fan advokaten in klacht yntsjinne tsjin de advokaten Jebbink en Soeteman. Dy twa skreaunen yn novimber yn de Volkskrant in opinystik oer hoe't Vlug him yn de media gedraacht. Troch it jaan fan ynhâldlik kommentaar op de saak soe Vlug syn kliïnt op achterstân set hawwe, stelle de advokaten.

Vlug fynt it stik 'onzorgvuldig en onwelwillend'. Fierder giet hy net yn op de klacht dy't er yntsjinne hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)