Vd Goot stipet moardfertochte

07 des 2012 - 17:38

Advokaat Tjalling van der Goot fan advokatekantoar Anker & Anker yn Ljouwert sil de fertochte fan de moard op frou Heijltjes út Easterwâlde bystean. Heijltjes waard 12 septimber dea yn har hûs fûn troch har dochter.

Ein novimber waard de 37-jierrige fertochte, in man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, oanhâlden. De fertochte sit fêst yn beheining. Dat wol sizze dat hy gjin kontakt mei de bûtenwrâld hawwe mei. Op 19 desimber beslút de rjochtbank oft syn foararrest ferlingd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)