Beslach op City Box Drachten

© Google Streetview
De doarwarder hat tongersdei beslach lein op de bankrekkens en it gebou fan City Box Drachten. It giet om it gebou oan De Roef yn Drachten, dat op namme stiet fan Drachten Storage Holding BV. It is in eardere fransjizenimmer fan City Box dy't opslachromte oanbiedt.
De rjochter hat earder al sein dat it bedriuw ophâlde moat, mar de ûndernimmer giet oant no ta noch hieltyd troch mei syn aktiviteiten. De twangsom is yntusken oprûn oant 35.000 euro.