Nije keunstnersorganisaasje

07 des 2012 - 14:43
  • Henk Hofstra

De Drachtster keunstner Henk Hofstra hat in belange-organisaasje foar keunstners oprjochte, BOK. Mei dizze stifting kinne keunstners koarting krije op fersekerings, enerzjy, materiaal en in berop dwaan op juridyske help. Der binne oant no ta sa'n 20 bedriuwen dêr't de belange-organisaasje ôfspraken mei hat. Hofstra wol opkomme foar de belangen fan keunstners omdat in soad it hjoed-de-dei dreech hawwe.

Troch de krisis wurdt der net folle wurk ferkocht en fan de oerheid komt ek net folle stipe. Henk Hofstra is de earste BOK-foarsitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)