Fryslân Marketing hast fallyt

07 des 2012 - 12:25
  • Fryslân Marketing, Jan van Gessel

Fryslân Marketing praat mei in groep krediteuren om in fallisemint foar te kommen. Fryslân Marketing is yn finansjele problemen rekke trochdat it in wichtige subsydzje fan 8 miljoen euro misrûn. De grutste skuldeasker is RTL Nederland dy't foar de produksje fan de plysje-searje Moordvrouw noch jild krijt.

It folsleine skuldbedrach wol wurdfierder en advokaat Rick van der Spek fan de ried fan fafersjoch fan Fryslân Marketing net kwyt. Foar in 'sêfte landing' is neffens Van der Spek in bedrach fan ien miljoen nedich.

Freedtemoarn waard bekendmakke dat direkteur Paul van Gessel Fryslân Marketing ferlit. En heal jannewaris sille de steatefraksjes yn in besletten gearkomste ynformearre wurde oer de skulden fan Fryslân Marketing en de oername fan de aktiviteiten troch de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)