Bestelauto rydt frou omfier

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje fan It Hearrenfean siket tsjûgen fan in ynsidint dêr't in frou (67) fan De Jouwer ferwûne by rekke. De frou rûn tongersdeitemiddei mei har man, dy't in winkelkarke treau, op de rydbaan fan it Gashoudersplein, omdat it har op de stoepe te glêd wie. In grize bestelauto ried de minsken toeterjend foarby en rekke de frou en it winkelkarke.
De bestjoerder stapte út en joech de man in triuw, wêrtroch't dy achteroer foel. Syn frou fong him op, mar foel ek en rekke mei har holle in kontener. De bestjoerder ried doe hurd fuort.
Ferskate minsken wiene tsjûge fan it barren. De plysje freget har om kontakt op te nimmen.