Dealers betrape yn Harns

De plysje hat tongersdei yn Harns twa manlju betrape by in drugsdeal. Plysjes seagen de twa op de Groen van Prinstererstrjitte yn in auto sitten. Ien fan de twa, in man út Ljouwert, wie by har bekend as drugsbrûker. Doe't se de manlju fûillearen, fûnen se mei-inoar 26 gram amfetamine en wat weed. De oare man komt út Harns.
Beide manlju binne meinaam nei it buro. De man út Harms moast dêr noch 168 euro oan iepensteande boetes betelje. Beide manlju binne mei in proses-ferbaal nei hûs stjoerd.