Bilker ferromme oer bekentenis

07 des 2012 - 10:02

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân is ferromme dat fertochte Jasper S. yn de saak Vaatstra bekend hat dat er Marianne Vaatstra om it libben brocht hat. Bilker is bliid dat der no dúdlikheid is, mar seit ek dat it nijs in soad fertriet opropt by beide famyljes.

Neffens de boargemaster is de famylje fan Jasper S. bot oandien en hawwe de leden ferlet fan rêst. Der wurdt op koarte termyn nei in oplossing socht foar de takomst fan it boerebedriuw fan de fertochte. Bilker sprekt de winsk út dat Aldwâld de tiid kriget om it nijs te ferwurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)