Beammen yn Bûtenpost ferfongen

De gemeente Achtkarspelen wol de beammen oan de eastkant fan de Kuperswei yn Bûtenpost kappe. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat hjiroer oerienstimming berikt mei de bewenners fan de Kuperswei. Der komme jonge beammen foar werom dy't tichter op de dyk plante wurde sille, sadat de ferkearsfeilichheid fersekere is.
De gemeenteried hie bepaald dat alle beammen kapt wurde moasten, mar dêr wie in bewenner tsjin yn berop gien. De rjochter bepaalde dat de partijen nochris om de tafel moasten en dêr is no dit kompromis útkommen.
De gemeenteried krijt it punt begjin takom jier opnij op de aginda.