Advokaat: 'al hiel gau bekend'

06 des 2012 - 22:24

Fertochte Jasper S. hat al hiel gau nei syn oanhâlding oan syn advokaat ferteld dat hy Marianne ferkrachte en fermoarde hie. Neffens advokaat Jan Vlug bart dat hast nea. Jasper S. wie ferromme nei syn bekentenis. Advokaat Vlug hat Jasper S. ôfret om al in bekentenis ôf te lizzen, omdat hy earst in dossier opbouwe woe oer de saak. De DNA-match wie net allinnich fûn yn de foarm fan sperma, mar ek yn hier en bloed op de moardwapens.

Jasper S. hat meidien oan it DNA-ûndersyk, omdat hy wist dat syn saak útspile wie.

Hy doarde sels net nei de plysje te gean. Jasper S. seit dat er sa lang swijd hat om syn gesin te beskermjen. Oer de nacht fan de moard seit Jasper S. dat hy midden yn de nacht op de fyts fuortgien is om syn gedachten te oarderjen. Hy hie net dronken. Hy is by tafal Marianne tsjinkommen en hat har mei it lân ynnommen. Oer de reden dêrfoar hat Jasper S. noch gjin ferklearring ôflein.
Op it plysjeburo fan Zwolle hat Jasper S. tongersdeitemiddei syn bekentenis ôflein. Dêrnei hawwe syn frou en beide bern by him west, dy wiene ferbjustere nei it hearren fan dit nijs. Sy leauwe net dat Jasper S. it mei syn folle ferstân dien hat. De famylje is ferskriklik fertrietlik en kin it net begripe dat harren man en heit dit dien hat.

Trefwurden: 
Vaatstra Jasper S. Jan Vlug
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)