Peter R. de Vries: ferwachte

Misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries fynt de bekentenis fan Jasper S. gjin ferrassing. Neffens him wie de bewiislêst fan sperma, bloed en hier op it plak fan de misdied sa grut, dat dat genôch wie foar in feroardieling.
As Jasper S. net bekend hie, wie it neffens him toch ta in feroardieling kommen en hie Jasper S. gjin fersachtsjende omstannichheden oanfiere kinnen. De bekentenis sil neffens De Vries yn de kommende dagen noch wol oanpast wurde, yn de sin fan dat der noch mear details bekend wurde.