Jasper S. bekent moard

06 des 2012 - 18:40

De 45-jierrige Jasper S. fan Aldwâld hat bekend dat hy Marianne Vaatstra fermoarde hat. Dat hat it Iepenbier Ministearje tongersdeitejûn bekend makke. Jasper S. waard twa wike lyn oppakt nei in 100% DNA-match mei materiaal dat op it op it lichem fan Marianne Vaatstra fûn wie.

Jasper S. hat ferklearre dat hy Marianne net koe, mar dat hy har yn de nacht fan 1 maaie 1999 tafallich tsjinkommen is. Hy hat har ûnder bedriging mei in mes meinommen it lân yn en dêr ferkrêfte en fermoarde. De famylje fan Marianne is ûndertusken op de hichte.

Trefwurden: 
Vaatstra Jasper S.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)