Tasichthâlders drok mei ôffal

06 des 2012 - 17:05
  • Offal
  • Offal

Sinteklaas is de doar wer út, en de krystdagen komme deroan. Desimber is net allinnich in drokke moanne foar winkellju yn de stêd, mar ek foar de gemeentlike tasichthâlders. Want it is tagelyk de moanne dat minsken in soad ôffal dumpe op strjitte. Yn Ljouwert bygelyks is dat in grut probleem. Minsken nimme de muoite net harren troep fan bygelyks kadoferpakkings gewoan yn de kontener te dwaan. Sa fuort nei it Sinteklaasfeest wurdt it dêrom stadichoan drokker foar de tasichthâlders.

De pûden wurde iepen makke om te sjen oft der in adres fûn wurde kin fan de dieder. De tasichthâlders sille de kommende wiken strang kontrolearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)