Winterneedopfang Zienn iepen

06 des 2012 - 16:47

Opfangorganisaasje Zienn hat yn ferbân mei it winterwaar de winterneedopfang wer iepensteld. Dat betsjut dat yn De Terp oan de Goudenregenstrjitte yn LJouwert plak is foar dak- en thúsleazen dy't mei it kâlde waar in plakje foar de nacht sykje. Sadree't de temperatuer ûnder nul komt, giet dy winterneedopfang iepen. De opfang is yn dit gefal fergees.

Der is yn prinsipe plak foar 15 minsken, mar as der mear binne, wurde der ekstra bêden byset. De opfang is jûns oant 23.00 oere iepen.

Nei dat tiidstip kinne minsken yn oerlis mei de plysje noch binnenbrocht wurde. By de foarige winter makken tusken de 5 en 15 dak- en thúsleazen gebrûk fan de winterneedopfang.

Trefwurden: 
Zienn winterneedopfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)