Oprop Palet om sniefagers

06 des 2012 - 16:44

Under it motto 'Veeg niet alleen je eigen straatje schoon!' ropt soarchorganisaasje Palet buertbewenners op om de paden yn wiken sniefrij te meitsjen. Foar de bewenners fan dy fersoargingshuzen is it fan grut belang dat de stoepen goed skjin binne, mar sels kinne se dat net mear dwaan.

Op alve lokaasjes yn de gemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel en Menameradiel steane freed dêrom snieskowers en stroaisâlt klear foar buertbewenners dy't helpe wolle te snieskowen.

As beleanning krije se nei ôfrin poeiermolke en earte oanbean. it giet ûnder oare om Skilhiem yn Stiens, Nij Statelân yn Menaam en De Hofwijck en Het Nieuwe Hoek yn Ljouwert. Alle lokaasjes steane op de webside fan Palet.

Trefwurden: 
Palet sniefager
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)