Minder rydeksamens troch waar

06 des 2012 - 16:35
  • CBR logo

Der binne tongersdei in hiel soad rydeksamens net trochgien fanwege it minne waar. Meielkoar koene 52 fan de 131 kandidaten net ôfride. Yn Drachten kamen alle eksamen te ferfallen, op It Fean wie dat twa-tredde part en yn Ljouwert hast de helte. Alle kandidaten kinne binnen twa wike opnij besykje it rydbewiis te heljen. It CBR besiket altyd safolle mooglik eksamens trochgean te litten en beslút dan ek hiel koart fan te foaren oft in eksamen wol of net trochgiet. Kandidaten krije dan berjocht fia de eigen rydynstrukteur.

De teory-eksamens geane altyd troch, ek al is it min waar. It CBR giet derfanút dat minsken dan royaal op 'e tiid fan hûs geane om it teory-eksamen te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)