Rêdingsplan foar Gryn nedich

06 des 2012 - 14:33

Om it Waadeilân Gryn te rêden is in rêdingsplan fan twa miljoen euro nedich. De sândyk dy't der tweintich jier lyn omhinne lein is, is stikken en mei dêrtroch driget it eilân te ferdwinen. Dat moat perfoarst net barre, fynt Natuurmonumenten. De natoerorganisaasje beheart it eilân tusken Harns en Skylge dat hiel wichtich is foar fûgels om te brieden en as rêstplak ûnderweis nei Súd-Europa en Afrika. Dat de sândyk stikken is, is gjin ferrassing. De dyk is ea ek oanlein om mar 20 jier mei te gean en dy 20 jier binne no foarby.

Reparaasje fan de dyk moat foaral betelle wurde út it Waadfûns, mar Natuurmonumenten oerwaget ek in ynsammelingsaksje ûnder leden en âld-leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)