Sâltriders en snieskowers drok
It ferkear hie tongersdeitemoarn in soad lêst fan 'e snie dy't nachts fallen wie. En it wurdt allinnich mar minder want yn de nacht fan tongersdei op freed wurdt stoarm foarsein, wer mei snie. Dan sil ek wer in berop dien wurde op it sâltdepot fan Rykswettersteat op 'e Jouwer. Ien fan de bedriuwen dy't it sâlt útrydt is De Vries fan De Jouwer. Woansdeitenacht wiene se mei tsien auto's op de dyk.
Rykswettersteat rekkenet der ek op al syn materieel ynsette te moatten freed. Der wurdt sa'n 10 sintimeter snie ferwachte.