Ek minút stilte by basketbal

06 des 2012 - 11:15
  • Aris Ljouwert

By de earedivyzjewedstriden yn it basketbal wurdt kommend wykein ek ien minút stilte yn acht nommen. Dat nei oanlieding fan de grinsrjochter dy't snein by in fuotbalwedstryd yn Almere deaslein waard. De minút stilte sil tongersdeitejûn al hâlden wurde by de wedstryd dy't de Ljouwerter basketbalklup Aris spilet yn Rotterdam. Ek sneon wurdt stilstien by it fuotbalgeweld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)