Grut tal krystbeammen stellen

06 des 2012 - 11:04

By in boumerk oan de wenbûlevaar yn Drachten binne woansdei in grut tal krystbeammen stellen. De plysje krige twa meldings fan tsjûgen dy't sjoen hiene dat minsken oer in stek klommen. De plysje gie op ûndersyk út en fûn in spoar yn de snie, mar dat hold op bepaald stuit op. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien nei de stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)