Swierferwûne by fal fan hynder
In 16-jierrige jonge is woansdei ferwûne rekke yn in maneezje oan de Pim Mulierstrjitte yn Snits. De jonge wie oan it hynsteriden en foel fan it hynder. Nei alle gedachten hat er dêrnei ek noch in traap fan it hynder krigen. De jonge is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.