Famke op fyts ferûngelokke

ûngelok Frjentsjer mei fytser © Kappers Media, Anton Kappers
Op de Edisoanstrjitte yn Frjentsjer is tongersdeitemoarn in famke fan 13 jier op de fyts ûnder in frachtwein telâne kaam en dêrby ferstoarn. De krekte oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend, mar de frachtweinsjauffeur hat it famke nei alle gedachten net sjoen. It ûngelok hie neffens de plysje neat te krijen mei de glêde diken. Tal fan helptsjinsten waarden ynskeakele, mar dat mocht net mear bate. Der wurdt noch fierder ûndersyk nei it ûngelok dien.