Friesland freget klanten ried

06 des 2012 - 10:17

De Friesland Zorgverzekeraar freget syn klanten om deroer nei te tinken hoe't de kwaliteit fan it libben of de kwaliteit fan de soarch ferbettere wurde kin. It giet dan foaral om situaasjes wêrby't in lytse aksje direkt in grut gefolch ha kin. Dat jildt dan sawol foar partukulieren as organisaasjes. In kommisje sil de ideeën besjen en tsien kieze dy't yn oanmerking komme om útfierd te wurden. Fia de sosjale media en de webside kinne minsken dan har stim útbringe. De fiif ideeën mei de measte stimmen sille útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)