"Wenningbou yn lytse doarpen"

05 des 2012 - 20:34

De gemeente Súdwest-Fryslân wol mei de provinsje besjen hoe't se ek yn de takomst wenningbou mooglik meitsje kinne yn lytse stêden en doarpen. Sa'n diskusje is needsaaklik om't troch strangere regels wenningboukorporaasjes minder gau wenten bouwe wolle yn krimpgebieten. De oerheden soene dan byspringe kinne troch bygelyks garant te stean foar ynvestearrings yn wenningbouprojekten.

Ek soe der op in oare wize nei de grûnpriis sjoen wurde kinne, sa seit boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Beide partijen wolle mei alle belanghawwenden yn Noard-Nederlân om de tafel om dêroer te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)