Trochstart mei 3 man minder

05 des 2012 - 16:58

By de trochstart fan reklameburo Bouman yn Ljouwert hat de helte fan de personielsleden dien krigen. Op 7 novimber waard it reklameburo fallyt ferklearre. Tsien dagen letter waard dúdlik dat in oar buro, Lautenbag, de saak oernimt. Fan de seis meiwurkers hawwe trije dien krigen. De namme Bouman, oprjochte yn 1946 en dêrmei it âldste reklameburo fan Fryslân, bliuwt wol bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)