Jasper S. noch 90 dagen fêst

05 des 2012 - 14:59
  • mr. Daan Keur

Jasper S, de fertochte yn de saak Vaatstra, bliuwt noch 90 dagen langer yn foararrest fêstsitten. Dat hat de riedkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert woansdei besletten. Ek bliuwt de 45-jierrige fertochte út Aldwâld langer yn beheining. Dat betsjut dat er allinnich kontakt mei syn advokaat ha mei. Syn advokaat, Jan Vlug, sei dat der in earste psychologysk ûndersyk dien is. Op basis dêrfan wurdt besjoen oft S. fierder ûndersocht wurde moat. Jasper S. is 18 novimber oanhâlden yn syn wenplak Aldwâld nei de útkomsten fan it grut DNA-ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)