Undersyk nei sûn âld wurde

05 des 2012 - 12:49

Yn Fryslân, Grinslân en Drinte begjint takom jier in grut praktykûndersyk nei sûn âld wurde, it saneamde healthy ageing. It ministearje fan ûnderwiis hat dêr 4 miljoen euro subsydzje foar jûn. It wurdt útfierd troch de noardlike hegeskoallen, de roc's en guon soarchynstellings. It giet om in projekt fan 16 miljoen euro. Ien fan de ûndersykssintra komt by it Van Hall ynstitút yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)