Tsjûgen socht botsing Wolvegea

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Wolvegea ôfrûne freed. In frou (18) rekke dêrby ferwûne. Se waard op de Julianawei op har fyts oanriden troch in man yn in auto. Dy ried dêrnei troch sûnder him bekend te meitsjen. Ek in frou op de fyts, dy't it ûngelok nei alle gedachten sjoen hat, is trochfytst. It slachtoffer rûn troch de oanriding in swiere harseskodding en in ferwûnings oan de boarst op. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha of mear witte, oft se har melde wolle.