Bloemketerp freget ekstra jild

05 des 2012 - 11:46

Frjentsjer moat ekstra jild jaan oan de stichting dy't swimbad Bloemketerp eksploitearret. Oars giet dy noch dit jier fallyt. De gemeente ferkocht it swimbad oan de stichting yn de simmer fan 2011. De ried stelde ien kear in bedrach beskikber om de eksploitaasje op oarder te krijen. Fan 2013 ôf moat de stichting dan sûnder gemeentlike bydrage fierder kinne. It docht bliken dat dat net slagget en dêrom hat de stichting om help frege. It kolleezje freget de ried om noch ien kear 115.000 euro te jaan. De ried praat dêr tongersdei oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)