Feiling smyt 80.000 euro op

05 des 2012 - 11:01
  • skilderij ut DE-kolleksje

De skilderijen út de DE-kolleksje ha op de feiling tusken de 70.000 80.000 euro opbrocht. De feiling wie tiisdei by Christie's. Foar twa skilderijen fan de Amelanner skilder Tames Oud, út begjin 20ste ieu, is folle mear betelle as dat se op taksearre wiene. Se wiene rûsd op 1000 en 1500 euro, mar brochten hast 9.000 en hast 14.000 euro op. De keaper wol net bekend wurde, mar wol de skilderijen yn brûklien jaan oan museum Belvédère yn Oranjewâld.

Twa skilderijen fan de ferneamde Fryske skilder Gerrit Benner brochten op de feiling krekt wat mínder op as ferwachte. Se wiene rûsd op 25.000 oant 30.000 euro, mar brochten minder as 20.000 op. In skilderij fan Willem van Althuis smiet 7.500 euro op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)