Ien tip oer sedesaak Drachten

Op dit boartersplak yn Drachten waard it famke betaaste © Omrop Fryslân, Alle Faber
De plysje hat oant no ta ien tip krige oer de sedesaak yn Drachten, nei de útstjoering fan Opsporing Verzocht. Tiisdei wie yn it televyzjeprogramma op 'e nij omtinken foar de saak. Op 25 november is in 6-jierrich famke ûnseedlik betaaste yn in boarterstún oan de Westerwird yn Drachten. Der wie al in fertochte oanhâlden, in 23-jierrige ynwenner fan Drachten. Mar de plysje is noch op syk nei mear tsjûgen en oare mooglike slachtoffers.