'Betelle fuotbal ek ôfsizze'

05 des 2012 - 10:27

Trije fuotbalklups yn Boarnsterhim wolle dat kommend wykein it hiele fuotbal ôfsein wurdt, dus ek it betelle fuotbal. GAVC yn Grou, VV Jirnsum, VV Wergea reagearje dêrmei op it beslút fan de KNVB om it amateurfuotbal ôf te sizzen, fanwege de gewelddiedige dea fan in grinsrjochter út Almere. By VV Akkrum tinke se der oars oer. Sy wolle eins wol spylje, mar dan op deselde wize as de betelle fuotbalklups; mei in roubân, de flagge healstôk en in minút stilte. Dat soe mear yndruk meitsje op de jongerein as it skrassen fan de wedstriden.

Ek oare Fryske klups steane achter dit inisjatyf. Fuotbalklub ONS Snits hat sneon de kantine iepen, om dêr mei inoar te praten. By oare klups wurdt noch neitocht oer in ynfolling fan it wykein.

Trefwurden: 
fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)