Skeel oer City Box Drachten

05 des 2012 - 10:11

De eardere City Box-festiging yn Drachten giet troch mei syn aktiviteiten. Ek al hat de rjochter sein dat it bedriuw ophâlde moat mei syn wurksumheden. Dat seit de lanlike City Box Holding, dêr't de Drachtster ûndernimmer in skeel mei hat. De doarwarder hat in twangsom fan 15.000 euro oplein, meldt City Box. Dat bedriuw wûn ferline wike in koart pleit oer it gebrûk fan de namme City Box troch de Drachtster ûndernimmer. Fan de rjochter moat dy ophâlde mei it oanbieden fan opslachromte.

De City Box Holding hat gjin gegevens fan klanten, mar riedt elkenien oan it guod fuort te heljen út de opslach yn Drachten en net mear te beteljen.

Trefwurden: 
Drachten koart pleit City Box
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)