Berging brutsen buis by Skylge

05 des 2012 - 10:05

Op de Noardsee by Skylge wurdt woansdei besocht om de lange buis te bergjen dy't sûnt snein omdriuwt yn de omjouwing fan it eilân. De buis is yntusken brutsen yn twa stikken fan sa'n 225 meter lingte. Beide stikken buis hâlde de bergers fan Skylge al dagen yn de besnijing. Letter op de dei wurdt stoarm ferwachte en dêrom spant it derom oft bergers de stikken buis op it strân krije of achter de sleepboat dy't de buis ferlear.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)