Minder besikers nei De Lawei

05 des 2012 - 09:49

De Lawei yn Drachten hat ferline teaterseizoen minder besikers lutsen as it seizoen derfoar. Neffens de skouboarch komt dat trochdat der ek minder foarstellingen wiene. Dat stiet yn it jierferslach fan it teater. Ek al wienen der minder besikers, dochs makke de skouboarch in beskieden winst. Ek de hoareka draaide goed. Kommend jier wurdt in rûzige perioade foar De Lawei. Dan begjint de renovaasje en de nijbou fan it teater en muzykskoalle De Meldij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)