Jasper S. foar riedkeamer

05 des 2012 - 06:17

De riedkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert beslist woansdei oer de ferlinging fan it foararrest fan Jasper S., de fertochte yn de saak Vaatstra. De man (45) út Aldwâld waard twaënheale wike lyn oppakt. Plysje en justysje kamen him op it spoar nei it grutskalich DNA-ûndersyk. Jasper S. hie dêr oan meiwurke. Sûnt syn oanhâlding sit de fertochte yn beheining. Hy mei allinne mar kontakt ha mei syn advokaat. Dêrom is ek noch neat bekend makke oer de ynhâld fan de ferhoaren.

De riedkeamer kin it foararrest ferlinge mei tritich oant njoggentich dagen. De saak wurdt achter sletten doarren behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)