Hollander nije trainer ONS

04 des 2012 - 23:34
  • Bert Hollander

Bert Hollander wurdt takom seizoen de nije trainer fan ONS Boso Snits. Hollander hat in kontrakt fan ien jier tekene en wurdt by de Snitser sneonshaadklasser de opfolger fan Jan Vlap. Op dit stuit is Bert Hollander trainer fan sneins earsteklasser FVC. Dat bliuwt er ek takom seizoen. By FVC wurdt it dan syn njoggende seizoen. ONS en FVC geane dit jier as hjerstkampioen de winterstop yn.

Ald-Cambuur spiler Bert Hollander hat yn it Fryske fuotbal al in moaie trainerskarriêre. Hy wie trainer by Sint Anne, Sportklup De Jouwer, FVC en it ôfrûne seizoen ynterim-trainer by Harkemase Boys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)