"Sparje grutte beammen SWF"

04 des 2012 - 21:01
  • sjaal

Ek Súdwest-Fryslân moat in team fan beammeridders krije om de beammen yn de gemeente te beskermjen. Koudummer Arnaud Kiers siket meistanners dy't harren ynsette wolle om foar te kommen dat bysûndere beammen omhelle wurde. De gemeente Súdwest-Fryslân skaft mei yngong fan jannewaris de kapfergunning ôf en hat yn plak dêrfan in register opsteld mei byldbepalende beammen dy't net sûnder tastimming omseage wurde meie. Kiers seit dat dêrtroch fan oar jier ôf 99 persint fan alle beammen yn de gemeente samar omkappe wurde mei.

Yn syn eigen wenplak Koudum steane neffens Kiers sa'n hûndert beammen dy't wol bysûnder binne, mar net yn it register stean. Sa binne de linebeammen by de Martinitsjerke net opnaam yn it register, sadat se sûnder fergunning kape wurde meie.Yn Ljouwert is sûnt 2007 in stichting mei de namme Bomenridders aktyf om grutte beammen te beskermjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)