Lek Jirnsumer iisbaan ticht

04 des 2012 - 16:15
  • De Jirnsumer iisbaan rint wer leech....

De Jirnsumers kinne dizze winter dochs yn eigen doarp ride as it friest. It probleem mei de iisbaan is tiisdei ferholpen. In grûnfersetbedriuw hat der foar soarge dat it wetter op de baan net mear fuort rint.

Dat wie tiisdeitemoarn noch wol it gefal. Ofrûne wykein hie de iisklup de baan ûnder wetter set, mar dat wetter rûn der fuortendaliks wer ôf. Nei alle gedachten kaam dat troch in nije put by it parkearplak foar de sportfjilden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)