Gjin amateurfuotbal dit wykein

04 des 2012 - 15:31

De KNVB hat alle wedstriden yn it amateurfuotbal foar it kommende wykein skrast. It fuotbalbûn hat dizze maatregel nommen fanwege it ferstjerren fan grinsrjochter Richard Nieuwenhuizen.

Oan it begjin fan de wedstriden yn it betelle fuotbal wurdt in minút stilte yn acht nommen. Ek sille spilers en skiedsrjochters in roubân drage. De KNVB makke de maatregels tiisdeitemiddei bekend op in parsekonferinsje yn Zeist. De KNVB hat ta de maatregels besletten nei oerlis mei it bestjoer fan SC Buitenboys, de klup fan Nieuwenhuizen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)