Jirnsumer iisbaan rint leech

De iisbaan fan Jirnsum rint leech. Ofrûne wykein hat de iisklup de baan ûnder wetter set, mar dat rint dêr daliks wer ôf. Nei alle gedachten hat it te krijen mei in nije put by it parkearplak foar de sportfjilden. Dy stiene altyd ûnder wetter en om dat probleem op te lossen is der in put oanlein, mar dêr ferdwynt no ek it wetter fan de iisbaan yn.
Al fjirtich jier wurdt der riden op de baan yn it doarp, mar no hawwe allinnich de einen noch wat oan it wetter dat yn in pear plassen stean bliuwt.