VW Passat stellen yn Ljouwert

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje ûndersiket de stellerij fan in persoane-auto fan it merk Volkswagen yn Ljouwert. It giet om in griene VW Passat mei it kenteken RP-LB-31.
De auto stie op de oprit fan in wente oan de Dennestrjitte. De auto waard moandeitejûn tusken 22.00 en 22.10 oere meinommen. De 43-jierrige eigener fan de auto hat oanjefte dien by de plysje.