Drankrydster trapearre

04 des 2012 - 10:27

De Ljouwerter plysje hat moandeitenacht it rydbewiis fan in frou (27) fan Kollumerpomp ynfoardere. Plysjeminsken seagen dat de frou yn Ljouwert frjemd rydgedrach sjen liet en boppedat hast in fangrail rekke.

Yn de Baljeestrjitte krige de bestjoerster in stopteken. De frou hie alkoholhâldende drank hân. Se waard meinommen nei it plysjeburo foar azemanalyze. De frou krige proses-ferbaal en moast ek har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
rydbewiis drankride
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)