Plan foar kueroard oanpast

© Omrop Fryslân
Rekreaasje-ûndernimmer Harry Westers is ree om syn plan foar in welnesssintrum op It Amelân oan te passen, om it sa dochs foarelkoar te krijen. De gebouwen oan de Strandweg wurde minder heech en komme fierder fanelkoar ôf te stean. Dêrmei komt Westers temjitte oan de beswieren fan de gemeenterie.
Ameland '82, VVD en PvdA giene moandeitejûn yn de kommisjegearkomste akkoart mei it plan. It CDA hat muoite mei de bou op in stik gemeentegrûn. Westers wol it eardere swimbad Aqua Plaza ombouwe ta kueroard. Ek wol hy der hotelkeamers by bouwe.