Wer winst Jong Hearrenfean

03 des 2012 - 20:52

Jong Hearrenfean bliuwt koprinner yn de beloftekompetysje. De ploech fan trainer Jan de Jonge wûn maklik mei 4-0 by Jong FC Twente. Yn Hengelo stie it troch in goal fan Arsenio Valpoort by it skoft 1-0 foar de Feansters. Samir Fazli, opnij Valpoort en Mark Uth soargen foar de einstân 4-0. Twente krige eins gjin kâns. It rendemint by Jong Hearrenfean koe noch folle better. Jong FC Utrecht wûn mei 3-1 by Jong PSV. Jong Hearrenfean hat no 15 út 6, Jong Utrecht 13 út 6, Jong Heracles 11 út 6 en Jong PSV 10 út 6.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)