Jongereinsjoernaal yn NOF

03 des 2012 - 19:25

Jongerein yn Noardeast-Fryslân sil in eigen sjoernaal meitsje. It moat wykliks útstjoerd wurde op RTV Noordoost-Fryslân. De omrop en stifting NetNix hawwe dêr ôfspraken oer makke. NetNix is in fideoproduksjebedriuw dat filmkes foar en troch jongeren meitsje lit.

Der wurdt benammen stilstien by de maatskiplike problemen yn Dokkum en omkriten. It wyklikse sjoernaal moat in miks wurde fan serieuze ferhalen en ferslaggen fan it útgeanslibben fan de jeugd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)