18 kúb ôffal fan strân helle

24 sep 2012 - 08:22

Twahûndert frijwilligers hawwe it ôfrûne wykein goed 18 kúb smoargens fan it strân op Skylge opromme. De aksje waard foar de fyfde kear holden. Dit jier leine der minder grutte stikken ôffal op it strân. Der waard in soad glês en ferpakkingsmateriaal fûn.

Fierder troffen de frijwilligers hiel wat ballonnelinten oan. Der wurdt noch ûndersocht wêr't al it smoargens weikomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)